40 jier Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam.
Op snein 6 april 1975 is de 1e Frysk Oekumenyske Tsjinst yn Hjerbeam hâlden. Foargonger wie doe dûmny P.P. Miedema, doetiids fan Jorwert. Dat is no mear as 40 jier lyn.
Wat is it bysûndere hjiroan?
Dat is dat troch de oekumenyske gearwurking in tsjerke yn in lyts doarp sa iepen bliuwt en syn funksje as tsjerke hâldt mei de ferbining fan ferskate minsken. De Oekumeny yn de praktyk.
Dat it gebouw yn it doarp yn stân bliuwt as elemint yn it doarp en it lânskip.
Dit wurdt wol it wûnder fan Hjerbeam neamt.
En dat dit miskien ek dien wurde kin yn oare doarpen om de tsjerke iepen te hâlden foar de earetsjinst. Der binnne no al 6 wurkferbannen, Hjerbeam fan 1975 en de oaren van 1997 oant no.
Wat wie de oanlieding.
Yn Hjerbeam wie in Herfoarme tsjerke. Probleem waard dat it tal gemeenteleden werom rûn en dat it tal amtdragers dat tsjerkrjochtlik nedich is net mear oanwêzig wie. Op 1 jannewaris 1937 gong dûmny De Haas mei emeritaat en gie de pastorije fan Hjerbeam ticht. En jild foar in nije dûmny en in nije pastorije wie der net. Der waard socht nei in gearwurking mei oare doarpen mar dat slagge net û.m troch ferskil yn modaliteit. It kaam ta eintsje beslút ta in gearwurking mei de herfoarme tsjerke fan Frjentsjer. Dizze gearwurking joech nei ferin fan tiid argewaasjes oan beide kanten; de kombinaasje foldie net mear. Yn 1974/1975 like it der dan ek op dat de tsjerke yn Hjerbeam slúten wurde soe.
It ûntstean fan it wurkferbân
Nei ôfrin fan in tsjinst yn it Frysk op 12 jannewaris 1975 fan dûmny P.P. Miedema kaam in petear op gong oer de driigjende slúting. Mar dat hoecht dochs net ornearre de pastor. Der binne dochs noch genôch leauwigen yn Hjerbeam, hoewol fan ferskillende rjochtings, dy’t mei-inoar de tsjerkedoarren iepen hâlde kinnne? De dûmny kaam doe mei it idee om om de oare snein in oekumenyske tsjinst te hâlden en dat yn it Frysk., om’t er opmurken hie, dat it brûken fan de eigen taal der dy jûn tige ynfallen wie by it tsjerkefolk.
Op 19 maart 1975 kamen nei in oprop fan de tsjerkerie fan Hjerbeam in fyftichtal belangstellenden nei de Niklaastsjerke: Herfoarmen, Grifformearden en net-tsjerkliken. It doel fan de gearkomste is dúdlik: mei-inoar besykje de tsjerkedoar iepen te hâlden. Tema fan dizze jûn: Ien tsjerke en Ien Folk. Der wurdt in Kommisje út harren fermidden beneamt en dy stelle in program op. De kommisje bestiet dan út leden fan de tsjerkerie fan Hjerbeam, in net-tsjerkelid, en in lid fan de Grifformearde tsjerke fan Frjentsjer.
De Kommisje moat útwreide wurde mei minsken fan sa folle mooglik ferskillende tsjerklike rjochtings. De foargongers sille foareerst socht wurde ûnder de tsjerken oanslúten bij de Rie fan Tsjerken. De tsjinsten sille frysktalig wêze.
Grûnslach en doel.
Fan begjin oan wie dat Evangelysk en Oekumenysk.
Evangelysk lyk as de earste Kristen Gemeente yn Jeruzalem: fan en foar it gewoane folk mei al syn behoeften en neden en dus ek mei de taal fan dat folk.
Oekumenysk, in tsjerke foar leauwigen fan alle mooglike tsjerklike rjochtings en modaliteiten, dy’t dochs lid bliuwe kinne fan harren eigen tsjerklike mienskip.
Yn de statuten van it FOWH is dat omskrean as:
De grûnslach fan de Stichting is:
- in gearwurking fan minsken dy’t har fine kinne yn de wurden fan it “Us Heit”.
De Stichting hat ta doel:
- it organisearjen en realisearjen fan eretsjinsten yn de Fryske taal yn Hjerbeam ;
- it iepen hâlden en yn stân hâlden fan de tsjerke yn Hjerbeam;
- en fjirder it ferrjochtsjen fan alles wat hjirmei dwaande hâldt of dêrta tsjinje kin.
De foargongers wurde frij litten by it hâlden fan harren tsjinsten.
Yn de rin fan de tiid is in ferskaat fan foargongers op de preekstoel west, dûmnys, pastors, pastoors, in biskop ensfh. Wol is der ek sprake fan in oantal fêste foargongers wer’t in berop op dien wurdt.
Organisaasje.
Juridysk is it FOWH in stichting, mei in bestjoer fan 6 persoanen en een Kommisje fan 5 persoanen.
De mienskip bestiet út meilibjende belangstellenden. Der wurdt oer nei tocht op wat foar wize dy der meer by betrokken wurde kinne.
De bân mei it doarp Hjerbeam.
De Kommisje besyket in goede bân mei it doarp te hâlden. Hjerbeam hat san 250 ynwenners, mar oan foarsjennings is spitich dat in winkel, de skoalle, it doarpshûs net mear oanwêzig binne. Allinne de tsjerke en it kafee binne noch oer.
Om de bân mei it doarp te hâlden wurdt it krantsje fan it FOWH troch it hiele doarp besoarge, is der mei de kryst in aktie foar de âlderein en kin de tsjerke ek brûkt wurde foar bygelyks in begraffenis. By de tsjerke is ek it tsjerkhôf.
Fan de kant fan de ynwenners krijt de Kommissje altiten in protte meiwurking bij de restauraasjes of oare wurksumens, maar ek finansjele stype. Bygelyks by de grutte restauraasje in 1984/1985 , fan de toer en fan de âlde klok en de oanskaf fan in nije.
De finânsjes.
Utgongspunt is dat de tsjinsten har sels bedrippe kinne, wat kosten fan foargongers en tsjerkgebou oanbelanget.
Mar der binne yn de rin fan de tiid dochs ingrypende kosten west oan it gebouw, restauraasjes, ferwaarming, oargel, klok ensafourtfhinne. Dat gong yn goed oparbeidzjen tusken de Stichting FOWH en de tsjerkerie fan Hjerbeam. Fansels wiene der tal fan subsidies, mar ek een eigen bijdrage wie nedich. It is ferrassend hoefolle stype fan ferskate persoanen en ynstânsjes krigen is. It nedige jild kaam der hieltiten wer en der wie de meiwurking oan de ferskate projekten fan in protte minsken
Mienskipsfoarming.
Der is besocht der in mienskip as in gemeente fan te meitsjen mei bibeljûnen, praatjûnen ensfh. mar dat is nea goed ta stân kommen.
Nijste ûntwikkelingen.
Nei 1975 binne de Tserkerie fan Hjerbeam en it FOWH hieltiten mear en mear yn elkoar opgien. It ûnderskied wie der hast net mear. Wol wiene de finânsjes noch apart, mar kamen oan de oarde yn de fergadering fan de Kommisje Hjerbeam.
Yn 2014 komt de klassis Frjentsjer fan de PKN, formiel tsjerkrjochtelik it besjoer fan de herfoarmde gemeente Hjerbeam, û.o mei it útstel de herfoarmde gemeente op te heffen en it tserkegebou en oare eigendommen fan Hjerbeam oer te dwaan oan it FOWH. De ôfwikkeling fan dizze proseduere ôfsletten by it pasearjen fan de notariele akte op 23 juni 2016.
Sa is de bange dream yn 1937 en yn 1975 fan herfoarmd Hjerbeam dochs noch wurklikheid wurden. Mar de doarren fan de âlde Niklaastsjerke bliuwe iepen en har klok ropt de leauwigen noch altyd op ta tsjinst fan de wrâldwide Oekumenyske Tsjerke, dêr’t Hjerbeam him ien mei wit.
Ta ein.
Weromsjend op goed 40 jier wol en wee fan it FOWH geane ús gedachten allerearst út nei de pioniers dy’t yn 1975 it aventoer mei de Frysk Oekumenyske Tsjinsten oandoarsten yn Hjerbeam. Dêr wie in protte leauwen, fyzje en moed foar nedich. Dy minsken hienen twa doelen foar eagen:
- it iepen hâlden fan de Niklaastsjerke yn Hjerbeam
- it bouwen fan in Oekumenyske Mienskiptsjerke.
It lêste is net hielendal ta stân kaam, mar komt wol hieltyd tichter by.
De measte tsjerkegongers nei de FOWH tsjinsten binne faaks ek al lid fan in oare tsjerkemienskip, sadat de behoefte oan noch in mienskip net sa grut is.
De nije tiidgeast makket ek dat de minske himsels frij en net bûn fiele wol.
Mar it earste doel is wol slagge, de doar fan de Niklaastsjerke stiet noch altyd iepen en dat net allinne foar de Hjerbeamers. Minsken út de (wide) omkriten fan it lytse doarpke befolkje dêr sneintemoarns it tsjerkepaad.
It binne leauwigen en net (mear)-leauwigen, tsjerkliken en net (mear)-tsjerkliken, protestanten en rooms-katoliken, frijsinnigen en rjochtsinnigen, as wat foar oar ûnderskied jo ek mar meitsje wolle. Sels net-frysktaligen komme del.
As de tsjerkegongers harren út en troch ris in kear net yn ‘e preek fan de foargonger fine kinne, dan glimkje sy, want sy wolle graach nei elkoar lústerje , mei elkoar sjonge (en dat kinne sy yn Hjerbeam) en fan elkoar leare. Sy komme dêr somtiden mear foar de “sfear” as foar de “lear”.
Boarne.
It boekje: Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjelbeam, 1975-2015, skreaun troch it Kommisjelid Gerrit Zagema.
ZERKENTOCHT;
Yn it gongspaad leit in grêfstien makke troch Vincent Lukas yn 1558
Hy is makke foar Andrys fan Waltinga en Hobbe fan Waltinga