Klik op de tekst om it tsjerkeboekje te sjen ien word (vaak alsnog openen kiezen rechts boven in beeld)
Als de melding “kan niet veilig worden gedownload” verschijnt
dan,
klik op de puntjes
kies -behouden-
vervolgens -toch behouden-
opnieuw openen in word.
Sicht op Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam
Hjerst 2024
foto’s J.A. Roos
Foarsitter: Joke Hoekstra-Tuinstra 392910
joke_hoekstra@hotmail.com
Sekretaris: Hidde Frankena 396980
adres: P.J. Troelstrastrjitte 15, 8802 RC Frjentsjer
Ponghâlder: Alte Lourenz 396493
Kommisjeleden: Ant Palma-Hellema 452386
Jan de Haan 06-54993233
Ackelien v.d. Pol-Zijlstra 06-10720867
Hiembeheerder: Appie Reitsma 394348
fowh@kpnmail.nl
Oargelisten: Anne Tijmersma 06-27140822
Sijbe Bosch 0517-452660
Kosters: Piet en Trix Terpstra 850124
Thomas Wiersma 394117
Tineke Reitsma-Klaver 394348
Hiemside: www.fowhjerbeam.nl
2
Fakânsjetiid
Eltse simmer geane wy wol in pear wiken fuort mei fakânsje. En dan komme je ien of twa kear net yn de tsjerke fan Hjerbeam. Dat betsjut net dat it leauwen jo loslit hjer. Wy gean altyd wol nei binnen by tsjerken wer ‘t de doar fan iepenstiet. En dan ferwûnderje wy ús oer it ferskil fan ynrjochting. Soms sjogge je prachtige rúten mei bybelske ôfbyldingen en soms is it de ienfâld wat it moai makket en jo wat docht. En natuerlik stekke wy in pear kear in kerske oan foar de minksen dy net mear ûnder ús binne, mar dy’t wy net ferjitte wolle en kinne. Ik tink dat elts dit wol herkend.
Sa wiene wy op Texel yn de tsjerke “de Burght”. Dêr wie in útstalling fan kanselkleden en dat wie tige nijsgjirrig, foaral de útliz oer de kleuren en wanneer je de kleden yn it tsjerklike jier dellizze.
In kanselkleed hjit offisjeel “antepedium” en hat in sterke symbolyske wearde. It kleed hinget foar de kansel of preekstoel.
-It wyte kanselkleed wurdt brûkt mei Kryst en Peaske en draagt súverhyd út.
-Fjirtig dagen foar Peaske en Advent wurdt it pearse kanselkleed brûkt. -Healwei dizze periode is in snein minder somber mei in roze kleed.
-It reade kleed wurdt brûkt mei Pinkster en mei de befestiging fan — ambtsdragers.
-Grien wurdt brûkt foar alle oare sneinen fan it jier.
Dit wie tige nijsgjirrig.
Sa wie it ek wunderlik om in Maastricht in tsjerke yn te stappen wer’t in boekewinkel yn wie. Zwolle hat dat ek, mar dit is ek wer in moaie oplossing foar it gebrûk fan in tsjerke. It wie in prachtige tsjerke/winkel.
Sa sjoche jim mar, de tsjerke lit my (ús) ek yn de fakânsje net los.
It leauwen reizget gewoan mei ús mei en wy fertrouwe der op dat God mei ús mei reizget en ús wol yn de gaten hâldt
3
Mar dochs geane wy net sa gau yn de fakânsje nei in preek ta. Dat is best wol frjemd mar dat is toch in drompel foar ús. En yn it bûtelân dan fersteane je it net dus dan falt dat ôf.
Wat yn it ferline ek by de fakânsje hearde wie dat je aansichtkaarten ferstjoerden. Dat bart hast net mear. No krije wy elts jier in kaart fan immen en dat is toch wol hiel aardich. Dus dit jier tochten wy der oan om ek in pear kaarten te ferstjoeren, want dan doch je wat werom no? Us bern wienen tige ferrast, want dit koenen se hast net. Myn broer sei fan “dit is tink ik de ienigste kaart dit jier dy’t ik krij”! Wat is it jammer dat dit gebrûk ferlern gean is. We stjoere massaal foto’s mei app-kes, mar efkes in kaert skrieuwe en oan die persoan tinke dat hat ek wol wat.
Der bedoel ik mei te sizzen dat omtinken en omsjen nei in oar tige wichtig is. Of dat no thús of op fakânsje is, inoar net ferjitte is wer it om giet.
Wer thús geane we dan wer oer nei de oarder fan de dei en binne we wer drok mei fan alles en noch wat. En toch moatte we mei syn allen besykje om in bytsje om inoar te tinken. It is faaks in lytse muoite.
Ik winskje in elts it alderbêste ta en hoopje oant sjen yn Hjerbeam.
Joke Hoekstra-Tuinstra
foarsitter
4
GEMEENTEMIDDEI
De kommisje fan it F.O.W.Hjerbeam noeget jim út foar in gemeentemiddei.
Dy fynt plak op 26 oktober o.s yn de tsjerke fan Hjerbeam.
Der sil praten wurde oer wat te dwaan mei it opknappen fan de binnenkant fan de tsjerke. Jim binne wolkom fan ôf
14.00 oere yn de tsjerke en wy wolle de gearkomst begjinne
om 14.30 oere. Der is in lyts skoft en der is ek romte foar in gesellich praatsje. Wy hoopje op in goede opkomst.
Oant 26 oktober
Hertlik tank foar de folle bliken fan belangstelling foar ús
65 jierrich houliksjubileum.
Rudy en Gerrit Zagema
Wy as kommisje ha hjir natuerlik ek oandacht oan skonken mei felicitaties en in bosk blommen foar de fam. Zagema.
5
De kommende fieringen yn de Niklaastsjerke
6 oktober ds. T.T. Osinga Frjentsjer
20 oktober dhr. B. Akkerman Hearrefean
3 novimber fr. N. Kanis Lelystêd
kofje nei
17 novimber ds. Simonides Burdaard
ivichheidssnein
1 desimber ds. J. v.d. Meer Akkrum
15 desimber ds. L. Westra Lollum
25 desimber dhr. P. Speelman Folsgeare
alle fieringen begjinne om 9.30 oere
Op dit plak wolle wy as kommisje Iemie Dijkstra tige tanksizze foar alle jierren dat sy de blommen yn tsjerke fersoarge hat. Iemie hat it beslút nommen dat it genôch west is en wy fyne dat jammer mar ha der ek alle begrip foar. Eltse kear as der preek wie stie der in fleurich boeket blommen op de tafel. En dan wist Iemie altyd wol immen dy ‘t efkes in steuntsje yn de rêg brûke koe en der brocht sy dan de blommen hinne.
Lokkich hat Rinske Wiersma tasein om dit tenei te dwaan en der binne wy ek wer tige wiis mei.
Iemie, nochris tank foar dyn ynset alle jierren.
6
Kollekten Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam:
Twadde kwartaal 2024 €
april 190,00
maaie 99,00
juni 211,00
500,00
Jeften twadde kwartaal 2024 95,00
Totaal oan kollekten en jeften 595,00
Diakonijkollekten twadde kwartaal 2024:
14-april Victory4All 67,00
28-april Rood voor Brood 85,00
19-maaie Zending 90,00
2-juni Cordaid 72,00
16 juni War Child 80,00
394,00
Jeften twadde kwartaal 2024 50,00
Totaal oan kollekten en jeften 444,00
Foar alle jeften hertlik tank!
Bankrekkens:
Stichting Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam:
NL45RABO 0320 4351 56
Diakonij:
Stichting Fryks Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam:
NL38RABO 0320 4395 50
7
De takomst fan de Niklaastsjerke yn Hjerbeam.
Yn ferskate stikjes yn dit krantsje fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam is ûnder it kopke “Ut de kommisje” oanjûn, dat yn de kommisje fan de stichting faak praat wurd oer de takomst fan de tsjinsten en de takomst fan de Niklaastsjerke. Der binne yn de kommisje wol soargen oer.
Sa rint al langere tiid it tal besikers oan de tsjinsten in bytsje werom. Dochs binne wy bliid dat der altyd noch goed 20 oant 30 besikers binne, mar de oanwas fan de jongerein bliuwt wei.
Wat moatte en kinne wy dêr oan dwaan: de tsjinsten oanpasse oan de tiid? En hoe dan, noch mear ferskaat yn soarten fan tsjinsten? Mear musyk yn de tsjinsten? Siz it mar. Wat foar ús fêst stiet is dat it tsjerketsjinsten bliuwe wert it earen en bringen fan it Wurd foaral yn it Frysk bliuwt.
Dat is ek de opjefte dy wy as kommisje hawwe op grûn fan de statuten.
Neist it boppesteande prate wy yn de kommisje faak oer de stân fan saken fan it tsjerkegebou. De ôfrûne jierren is it nedige dien oan it gebou en de toer/spits en de omjouwing lykas it tsjerkhôf. Dat is no reedlik goed yn oarder. Yn de stikjes yn it krantsje is al faak neamd dat de tsjerkeseal wol in opknapbeurt brûke kin. It is no wol wat kâld en hjir en dêr wat súterich.
Dan komt it punt fan wer dogge wy it dan foar. Net allinich nei de koarte termyn sjen of ek nei de takomst, takomstbestindich meitsje dus. It hâlden fan tsjerketsjinsten is hjir foaral neamd, mar moat of kin der ek mear mei dien wurde. Allinne tsjerketsjinsten of ek mear betsjutte foar de mienskip fan Hjerbeam. Kin dy der ek mear by belutsen wurde. No binne der wol minsken út it doarp belutsen, lykas tsjerkegongers, de behearder fan it tsjerkhôf, de meander fan it tsjerkhôf, of de frijwilligers as der in putsje te dwaan is, ensafuorthinne, mar der kin miskien noch wol mear dien wurde. It soe moai wêze as de doarpsmienskip mei tinkt wat der gebeure kin foar de takomst fan it tsjerkegebou neist de minsken dy al belutsen binne by de tsjerke.
8
Wy kinne it nedige dwaan en bygelyks de tsjerkeseal opfrisse troch mear kleur oan te bringen. Mar wy kinne ek fierder gean en de seal oanpasse oan mear gebrûk. De banken der diels of hielendal út en tafels en stoullen delsette sadat multyfunctsjoneel gebrûk mooglik is. Dat wurd op ferskate plakken al dien en dêr kinne wy fan leare hoe en wat. Dat kin ynhâlde: ferhiermooglikheid meitsje, kultuer mooglik meitsje, fergaderingen of clubaktiviteiten. Dat betsjut dat der ek bettere fersjennings komme moatte foar toilet, garderobe, keukenrêding, gelûdsapparatuer ensafuorthinne.
Wy sjogge dan ek nei wat der is yn Hjerbeam en hoe kinne wy dêr in oanfolling op wêze. Lokkich hat Hjerbeam noch it Oant Moarn café.
Miskien kinne wy yn de takomst mei inoar oparbeidzje en wat foar inoar betsjutte.
Wy wolle dit allegear graach oan de oarder stelle yn in fergadering yn de tsjerke op sneon 26 oktober oansteande om 14.30 oere. Dit is dan tagongklik foar in elts dy’t in bân hat mei de tsjinsten yn de Niklaastsjerke en elts dy’t meiprate wol fanút de doarpsmienskip of op in oare wize belangstelling hjirby hat. Der is noch neat besletten, mar wy wolle as kommisje der wol mei oan de gong. Boppe alles jild, dat wat wy ek beslisse en dogge, der draachflak foar wêze moat.
Dat is nedich foar de útfiering letter, mar ek om de finânsjes derfoar te krijen.
Graach oant sjen op 26 oktober oansteande
De kommisje
9
D e T s j er k e t u o r r e n
Op in inkelde klokkenstoel nei, waarden de âlde tsjerkegebouen yn Europa hast altyd mei in toer bekroane. It waard in oriïntasjepunt foar de protten reizigers op it plattelân en in prestiizjeobjekt foar de tsjerklike machthawwers: wa hat de heechste?
Wol, de heechste stiet yn it Dútske Ulm en is 161 m heech. Mar it is net wis, as de Ulmer toer dy status hâlde kin, want de Segrada Familia fan Barcelona, dêr ‘t noch altyd oan boud wurdt, moat 170 m de hichte yn stekke, is men fan doel.
Yn Nederlân berikt de Dom fan Utrecht in hichte fan goed 112 m en mei syn 82 m spant de Sint Bonefatius fan Ljouwert yn Fryslân de kroan. De Ljouwerters woenen yn 1529 in toer boue, de Aldehou, dy’t heger wêze moast as de toer fan de Grinzer Martinitsjerke (hast 97 m.) Troch it fersakjen fan de fundaminten is de Ljouwerter Aldehou mar 39 m wurden. De 72 m hege toer fan Tsjom is de heechste op it Fryske plattelân. En wy kenne allegearre de sloechslimme wize wêrop as de Tsjommer “lyntsjesnijers” harren Aldeboarnster “tuorkemjitters” te fieter hienen.
De tuorren yn dizze lege lannen wienen in moai útsichtpunt: fijannelike legers en oplôgjende fjoeren waarden al fan grutte ôfstân waarnommen. De gruttere steden hâlden der dêrom in toerwachter op nei. By need waarden de grutte klok(ken) let. Fan boek en film bekend wurden is Quasimodo, de kloklieder fan de Notre Dame fan Parys.
Yn de rûzige Midsieuwen waard de toer sa njonkenlytsen ek in soarte fan “burcht”, wêryn striders en boargers harren werom lûke koenen. De tige swiere bûtendoar is ek hjoed de dei noch mei in protte izerwurk fersterke.
Bekend is it ferhaal fan Jan van Schaffelaar, dy’t fan de belegere toer fan Barneveld sprong om syn soldaten in frije ôftocht te ferskaffen.
Hy oerlibbe de sprong, mar waard doe fermoarde. (1384)
10
Troch Napoleon (1800) krigen de âlde tsjerketuorren der noch in tige wichtige funksje by: sy wienen de ûnmisbere útgongspunten by it opsetten fan it earste kadaster fan Nederlân. De ôfstannen tusken de tuorren ûnderling foarmen de basis fan de sa neamde “trijehoeks-
mjitting”, werby as elk stikje grûn kadastraal opmjitten wurde koe.
In protte tsjerketuorren, bij nammen yn Fryslân, hienen der noch
2 oare funksjes by:.
As cachot foar de arrestanten fan de fjildwachter. “Under de toer setten wurde” wie in bekende sizwize. Yn Minnertsgea waarden de dogeneaten, dy’t net om ‘t lyk woenen, dêr ek noch gisele mei keallepoaten (leren kneppels). Fan dêr de namme Minnertsgeaster keallepoaten. Begjin 1900 waard der yn de toer fan Appelskea noch in aparte cel foar manlju en ien foar froulju makke.
As hûnegat. De tsjerkedoarren stienen eartiids altyd iepen. De tsjerke wie in plak fan gearkomsten fan allerhande minsken en allerhande eveneminten. Mar ek fan hûnen. De bisten dy’t jûns de tsjerke net ferlitte woenen, waarden troch de koster, de “hûnegiseler”, yn in romte ûnder de toer, it hûnegat, jage. Tsjinstribjende arrestanten waarden yn sté fan yn it cachot ek by de hûnen yn it hûnegat smiten.
De tsjerkegebouen wienen foar 1800 eigendom fan de Steat. Napoleon skonk se doe oan de tsjerkelike gemeenten. As jo dit stikje goed lêzen hawwe, begripe jo, wêrom at er de tuorren yn hannen fan de Steat (de boargerlike gemeenten) bliuwe liet.
G.Z.
11
De toer fan Ulm