De Klok.
Yn de tsjerke stiet in tige âlde klok. Neffens saakkundigen ien mei fan de âldsten fan ús lân. De letter “M” dy’t der op skildere is, stiet foar “Monumint”. Dochs hawwe de Dútsers har út de toer takelje litten om har om te smelten foar harren wapenyndustry. In spatskerm fan in âlde T-Ford hat doe in tydsje as liedklok tsjinne.
Aldergelokst hat de doarpsklok nei de oarloch har âlde taak wer oppakke kinnen.
Yn ‘e simmer fan 1989 komt der in skuor yn de âlde midsieuwske klok. Hy kin dan net mear liede. Reparearje kin net en omsmelte mei net, want it is in monumint.
De klok stiet no yn de tsjerke op ‘e flier en is sa noch altiten yn ús fermidden.
Der moast in nije liedklok komme en dêrom in aksje “Foar ús klok”. Der kamen jeften fan tsjerken, ynstânsjes en fan de ynwenners fan Hjerbeam. Op 9 maart 1992 waard de klokj foar it earst let. Yn de râne fan de nije klok stiet de tekst “YN IT PLAK FAN’E 14 IEUWSKE KLOK LIED IK FOAR TSJERKE EN DOARP 1992”.