blad 1
Zaaknummer: 20150421/JK
STATUTENWIJZIGING STICHTING
FRYSK OEKUMENYSK WURKFERBÂN HJELBEAM
Heden
Hjoed, seis novimber twatûzendfyftjin,
ferskynden foar my, mr. Theo Koelma, notaris steande yn ‘e gemeente
Frjentsjerteradiel:
de hear Paulus Hettinga, wenjend te 8801 MK Frjentsjer, gemeente
Frjentsjerteradiel, Suderkaai 37 309, berne te Barradiel op fiifentweintich
febrewaris njoggentjinhûndert fiifentritich, riedbewiis nûmer 5858956168,
útjûn te Frjentsjerteradiel op twaentweintich jannewaris twatûzendfyftjin,
troud mei frou Agatha Hiemstra;
frou Marijke Jorna, wenjend te 8801 BD Frjentsjer, gemeente
Frjentsjerteradiel, Klaarkampstrjitte 24, berne te Menaldumadiel op
njoggenentweintich july njoggentjinhûndert seisenfyftich, paspoart nûmer
NYR550L07, útjûn te Frjentsjerteradiel op sânentweintich maart
twatûzendtrettjin, troud mei de hear Taeke van der Pol;
frou Hesseltje Rinsma, wenjend te 8802 BW Frjentsjer, gemeente
Frjentsjerteradiel, Marten fan der Hemleane 16, berne te Frjentsjerteradiel op
twaentweintich juny njoggentjinhûndert ienenfyftich, riedbewiis nûmer
4370302708, útjûn te Frjentsjerteradiel op njoggen juny twatûzendtsien,
troud mei de hear Wierd de Haan;
yn dizzen hanneljend as respektivelik foarsitter, skriuwer en ponghâlder fan de
stichting: Stichting Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjelbeam, fêstige yn
Hjerbeam, feitlik oan it adres Klaarkampstrjitte 24, 8801 BD Frjentsjer, ynskrean
yn it hannelsregister ûnder nûmer 41005678, hjirnei te neamen: ‘de Stichting’,
en dy‘t sa it foech hawwe de statuten te wizigjen en by notariële akte fêst te
lizzen.
De ferskynde persoanen hawwe ferklearre:
Ynlieding
De Stichting is oprjochte by notariële akte op twaentweintich jannewaris
njoggentjinhûndert sânennjoggentich passearre foar my, notaris.
De statuten fan de Stichting binne dêrnei net wizige.
It bestjoer fan de Stichting hat yn de gearkomste holden op sân septimber
twatûzendfyftjin besletten de statuten te wizigjen, dat bliken docht út it oan
dizze akte oanheakke beslút.
blad 2
STATUTENWIZIGING
Ta útfiering fan it beslút ta wiziging fan de statuten jilde de wizige statuten
fuortendaliks neffens it folgjende:
STATUTEN
Kêst 1 – Namme en sit
De namme fan de stichting is: Stichting Frysk Oekumenysk Wurkferbân
Hjerbeam.
De stichting is fêstige yn Hjerbeam.
Kêst 2 – Doel
De stichting hat ta grûnslach in gearwurking fan minsken dy’t har fine kinne
yn de wurden fan it “Us Heit”.
De stichting hat ta doel:
– it organisearjen en realisearjen fan eretsjinsten yn de Fryske taal yn
Hjerbeam;
– it iepen hâlden en yn stân hâlden fan de tsjerke yn Hjerbeam;
en fjirder it ferrjochtsjen fan alles wat hjirmei dwaande hâldt of dêrta tsjinje
kin.
Ta dit doel heart net it dwaan fan útkearings oan de oprjochters of oan
harren dy’t diel útmeitsje fan ûnderdielen fan de stichting.
De stichting hat ta doel it algemiene nut.
De stichting hat gjin winsteagmerk.
Kêst 3 – Bestjoer: gearstelling, beneaming, beleaning, ûntslach
It bestjoer fan de stichting bestiet út fiif of meer natuerlike persoanen.
It bestjoer stelt it tal bestjoerders fêst.
In net-foltallich bestjoer hâldt syn foech.
It bestjoer kin út syn midden in foarsitter, in skriuwer en in ponghâlder
oanwize. Ien bestjoerder kin mear fan dy funksjes hawwe.
De bestjoerders wurde beneamd troch it bestjoer. Yn fakatueres wurdt sa
gau mooglik, mar yn elts gefal binnen trije moannen nei it ûntstean dêrfan,
farsjoen.
De beneaming fan de bestjoerders sil út in foardracht wêze. De yn kêst 11 lid
1 neamde kommisje hat it foech de foardracht te dwaan.
De foardracht moat by foarkar út trije persoanen bestean.
De foardracht is twingend. Oan de foardracht kin likegoed it twingend
karakter ûntnommen wurde troch in beslút fan it bestjoer nommen mei op
syn minst twa/tredde fan de útbrochte stimmen. As it bestjoer it twingend
karakter oan de foardracht ûntnommen hat, is it frij yn de beneaming.
Alle bestjoerders moatte foldwaan oan de folgjende easken:
in bestjoerder is in natuerlik persoan;
in bestjoerder hat de frije beskikking oer syn fermogen;
blad 3
Bestjoerders wurde beneamd foar in tiidrek fan maksimaal fjouwer jier. It
bestjoer kin in roaster fan ôftreden meitsje. In ôftredend bestjoerder kin
fuortendaliks op ‘e nij beneamd wurde. In bestjoerder kin mei elkoar net
langer as tolve jier oanien sletten bestjoerder wêze.
Alle bestjoerders kinne in fergoeding krije fan de kosten dy’t hja yn it ridlik
makke hawwe yn it útoefenjen fan harren funksje.
De bestjoerders krije gjin beleaning foar harren wurk.
In bestjoerder rekket syn funksje kwyt:
by ferstjerren;
by faillissement, troch it op him fan tapassing te ferklearjen fan de
skuldsaneringsregeling natuerlijke persoanen of trochdat hy surseânse
fan betelling krijt;
troch syn ûnder kuratelestelling of de ûnder bewâldstelling fan syn
fermogen;
troch syn frijwillich ôftreden;
troch syn ûntslach troch de rjochtbank;
f . troch syn ûntslach jûn troch de oare bestjoerders mei-inoar, op syn
minst twa.
Kêst 4 – Bestjoer; oprop, gearkomsten, beslútfoarming
Eltse bestjoerder hat it foech in gearkomste fan it bestjoer op te roppen. Elk
jier binne der op syn minst fjouwer gearkomsten .
It oproppen fan de gearkomste fan it bestjoer sil skriftlik wêze. By it oproppen
wurdt oanjûn op wat foar dei de gearkomste plak fynt, wat de begjintiid fan
de gearkomste is en wat de wurklist is. It oproppen wurdt dien rekken
hâldend mei in termyn fan op syn minst sân dagen en maksimaal fjirtjin
dagen, de dei fan it oproppen en dy fan de gearkomste net meirekkene.
De bestjoerder dy’t hjirfoar in adres oan de stichting jûn hat, kin ta de
gearkomsten fan it bestjoer oproppen wurde troch in op elektronyske wei oan
dat adres stjoerde lêsbere en reprodusearber berjocht.
De gearkomsten fan it bestjoer wurde holden op it plak dat fêststeld wurdt
troch dejinge dy’t ta de gearkomste opropt.
As hannele wurdt yn striid mei it stelde yn de twa dielen hjirfoar dan kin it
bestjoer dochs rjochtsjildige besluten nimme as alle bestjoerders yn de
gearkomste oanwêzich of fertsjinwurdige binne.
In bestjoerder kin oan in oare bestjoerder skriftlik folmacht jaan om him of
har yn de gearkomste te fertsjinwurdigjen. In elektronysk fêststelde
folmacht jildt as in skriftlike folmacht.
In bestjoerder kin net mear as ien meibestjoerder yn de gearkomste
fertsjinwurdigje.
Yn de gearkomsten fan it bestjoer hat eltse bestjoerder ien stim.
blad 4
Foar safier yn dizze statuten gjin gruttere mearderheid foarskreaun is, wurde
de besluten troch it bestjoer nommen mei absolute mearderheid fan de
útbrochte stimmen yn in gearkomste dêr’t op syn minst de helte fan de
bestjoerders oanwêzich of fertsjinwurdige is.
Is it tal easke leden net oanwêzich of fertsjinwurdige, dan kin in nije
gearkomste oproppen wurde en kinne besluten nommen wurde mei in
absolute mearderheid fan stimmen, net ôfhankelik fan it tal bestjoerders dat
op dy gearkomste oanwêzich of fertsjinwurdige is. De hjirfoar bedoelde
twadde gearkomste wurdt net earder dan ien wike en net letter as twa wiken
nei de eerste gearkomste holden. Blanco en net jildige stimmen telle net mei
foar de beslútfoarming mar telle wol mei om fêst te stellen fan in yn dizze
statuten foarskreaun needsaaklik tal.
By it staken fan stimmen oer saken is it útstel fersmiten.
Kêst 5 – Bestjoer: lieding fan de gearkomsten, oantekenings,
beslútfoarming bûten de gearkomste.
De foarsitter hat de lieding fan de gearkomste fan it bestjoer. Is hy net
oanwêzich dan kin de gearkomste dat sels regelje.
De foarsitter fan de gearkomste bepaalt de wize hoe de stimmingen yn de
gearkomste holden wurde.
It yn de gearkomste útsprutsen oardiel fan de foarsitter fan de gearkomste
oer de útslach fan in stimming is fêststellend.
Dat jildt ek foar de ynhâld fan in nommen beslút, foar safier stimd wurden is
oer in net skriftlijk fêststeld útstel. Wurdt daliks nei it útsprekken fan it oardiel
fan de foarsitter de krektens dêrfan oanfochten, dan sil der in nije stimming
plak fine, as de mearderheid fan de gearkomste , oft de oarspronklike
stimming net haadlik of skriftlik plak fûn hat, in stimberjochtige oanwêzige
dit longeret.
Troch dizze nije stimming ferfalle de rjochtsgefolgen fan de eardere
oarspronklike stimming.
Fan wat yn de gearkomste fan it bestjoer oan de oarder west hat wurde
oantekeningen makke troch it dêrta troch de foarsitter fan de gearkomste
oanwiisd persoan. De oantekeningen wurde neidat hja fêststeld binne troch
de foarsitter en de notulist fan de gearkomste tekene.
It bestjoer kin ek op in oare wize dan yn in gearkomste besluten nimme, as
alle besjoerders skriftlik harren stim útbringe. In beslút is dan nommen as
alle bestjoerders har foar it útstel ferklearre hawwe.
Under in skriftlike ferklearring is ek begrepen in op elektronyske wei stjoerde
lêsbere en reprodusearber berjocht, oan it adres dat it bestjoer foar dit doel
fêststeld hat en oan alle bestjoerders bekend makke hat.
Kêst 6 – Bestjoer: taken en foech.
blad 5
It bestjoer is belêste mei it bestjoeren fan de stichting.
Elke bestjoerder is tsjinoer de stichting ferplichte ta in behoarlike ferfolling
fan de him opdroegen taak.
It bestjoer is ferplichte fan de stân fan it fermogen fan de stichting en fan
alles oangeande it wurk fan de stichting, nei de easken dy’t foartkomme út
dit wurk, op sa’n wize in administraasje te hâlden en de dêrta hearrende
boeken, stikken en oare gegevensdragers op sa’n wize te bewarjen, dat op
elts tiidstip de rjochten en ferplichtingen fan de stichting kend wurde kinne.
It bestjoer is ferplichte de bedoelde boeken, stikken en oare
gegevensdragers sân jier lang te bewarjen.
It bestjoer hat it eksklusyf foech te besluten tot it oangean fan oerienkomsten
ta it krijen, oer te dragen of beswierjen fan registerguod en ta it oangean fan
oerienkomsten, dêr’t de stichting him as boarch of haadlik skuldner ferbynt,
him foar in oar sterk makket of him ta goedsizzing foar in skuld fan in oar
ferbynt as de in kêst 11 lid 1 neamde kommisje it beslút goedkard hat.
Erfstellings meie allinnich ûnder betingst fan boelbeskriuwing oannommen
wurde.
It bestjoer stelt in beliedsplan fêst en aktualisearret dit plan periodyk.
It beliedsplan jout ynsicht yn it troch de stichting út de wei te setten wurk, de
wize fan it winnen fan jild, it behear fan it fermogen fan de stichting en it
besteegjen dêrfan.
It bestjoer soarget der foar dat:
– der net mear fermogen oanholden wurdt troch de stichting as nedich is
foar de kontinuiteit fan it foarsjoene wurk foar it doel fan de stichting; en
– de kosten van it winnen fan jild en de behearkosten fan de stichting yn in
ridlike ferhâlding stean ta besteging fan it doel fan de stichting.
It bestjoer soarget der foar dat de administraasje van de ynstelling sa
ynrjochte is, dat dêrút dúdlik blykt it bestean en omfang fan:
– de kostenfergoeding dy’t takomt oan de aparte bestjoerders;
– de kosten dy’t makke binne foar it winnen fan jild en foar it behear fan de
stichting en it bestean en omfang fan oare kosten fan de stichting;
– de inkomsten fan de stichting;
– it fermogen fan de stichting.
Kêst 7 – Bestjoer: fertsjintwurdiging
It bestjoer fertsjintwurdiget de stichting.
It foech te ferstjintwurdigjen komt ek ta oan de mei-inoar hanneljende
foarsitter, skriuwer en ponghâlder.
De yn de beide foarige dielen fan dizze kêst opnommen foech fan it
bestjoer en bestjoerders ta fertsjintwurdiging fan de stichting is der ek as
tusken de stichting en ien of mear bestjoerders in tsjinstridich belang is.
blad 6
It bestjoer kin beslute ta it jaan fan ynsidintele of trochrinnende folmacht oan
ien of mear bestjoerders en/of oan oaren, sawol tegeare as apart, om de
stichting binnen de grinzen fan die folmacht te ferstjintwurdigjen.
Kêst 8 – Stipers
Stipers binne natuerlike of rjochtspersoanen, dy’t it doel fan de stichting
befoarderje wolle troch:
– it jaan fan in frijwillige bydrage yn jild; of
– it bywenjen fan de earetjinst; of
– it dwaan fan wurk foar de stichting.
De stipers fan de stichting wurde ien kear yn it jier troch it bestjoer fan de
stichting útnoege foar in ynformaasjebyienkomst dêr’t yn oan de oarder
komme:
– de algemiene gong fan saken;
– de finansjele situaasje fan de stichting;
– de gearstalling fan de yn kêst 11 lid 1 bedoelde kommisje.
De stipers wurde dan yn de gelegenheid stelt ynspraak te hawwen en
oanbefelings te dwaan oer de niis neamde saken.
Kêst 9 – boekjier; ferslachjouwing
It boekjier fan de stichting is lyk oan it kalinderjier.
It bestjoer is ferplichte elk jier binnen seis moanne nei ôfrin fan it boekjier de
balâns en de steat fan baten en lasten fan de stichting op te meitsjen en op
papier te setten.
De ponghâlder stjoert dizze stikken foar it ein fan de niisneamde termyn oan
alle bestjoerders.
It bestjoer makket in jierrekken en in jierferslach op as bedoeld in kêst 2:300
Boargerlik Wetboek as dat op grûn fan de wet ferplichte is. Dan leit it
bestjoer in eksimplaar foar oan it bestjoer om yn te sjen by de ponghâlder
mei de op grûn fan de wet dêr oan ta te heakken stikken.
It bestjoer kin, foardat ta de fêststelling fan de balâns en de steat fan baten
en lasten oergien wurdt, dizze stikken ûndersykje litte troch in troch him oan
te wizen akkountent as bedoeld yn kêst 2:393 lid 1 Boargerlik Wetboek. Dy
akkountent docht oer syn ûndersyk ferslach oan it bestjoer. Hy jout de
útslach fan syn ûndersyk wer yn in ferklearring oer de betrouberens fan de
stikken.
De balâns en de steat fan baten en lasten fan de stichting of de jierrekken
wurdt fêststeld troch it bestjoer binnen in moanne nei it opmeitsjen fan de
stikken bedoeld yn lid 2.
De fêststelde stikken wurde tekene troch alle bestjoerders. As in hantekening
fan ien mist wurdt dat mei útlis fan reden op de stikken set.
De yn lid 2 neamde termyn kin troch it bestjoer ferlingd wurde mei op syn
blad 7
meast fiif moanne op grûn fan bysûndere omstannichheden.
Wurdt oer de betrouberens fan dizze stikken gjin ferklearring fan in
akkountent as bedoeld yn kêst 2:393 lid 1 fan it Boargerlik Wetboek oerlein,
dan wurdt foarôfgeand de jierstikken neigien troch in kontrôle kommisje,
besteande út op syn minst twa leden fan de in kêst 11 lid 1 neamde
kommisje. In lid fan de kontrôle kommisje kin op syn meast twa jier efterinoar
sitting hawwe yn de kontrôle kommisje.
It bestjoer is ferplichte om de kontrôle kommisje ynsjen te jaan yn de hiele
boekhâlding en de dêrop oanbelange stikken en om alle troch har winske
ynljochtingen te jaan. As de kommisje dat foar in goede ferfolling fan har taak
needsaaklik achtet, kin hja har bystean litte troch in eksterne saakkundige.
De kommisje docht fan har ûndersyk ferslach oan it bestjoer mei in advys oer
it al of net goedkarren fan de jierstikken.
Neidat de jierstikken goed kard binne troch it bestjoer wurdt it útstel dien de
ponghâlder desjarzje te jaan foar de troch him diene rekken en ferantwurding
fan syn behear.
Kêst 10 – Tsjinsten.
De tsjerketsjinsten hawwe in oekumenysk en Frysk karakter.
As preek- en reiskostenfergoeding kin de rjochtpriis fan de Protestantse
Tsjerke Nederlân of har opfolgers brûkt wurde.
Kêst 11 – Kommisjes.
De stichting stelt foar it dwaan fan har feitliken wurk in kommisje yn mei de
namme “Wurkferbân Hjerbeam”. It tal leden fan de kommisje sil maksimaal
seis wêze en wurdt fêststelt troch it bestjoer.
De leden fan de kommisje wurde beneamd troch it bestjoer.
In lid fan de kommisje moat foldwaan oan de folgjende easken:
in lid fan de kommisje is in natuerlik persoan;
hy is gjin bestjoerder fan de stichting;
De kommisje jout frege en samar advys oer it belied fan de stichting en de
útwurking dêrfan.
It bestjoer stelt in reglemint fêst, mei regels oer de beneaming en it ein fan
de funksje fan in lid fan de kommisje. Yn dit reglemint kinne ek neiere regels
opnommen wurde oer oare ûnderwerpen, as taken, foech en wurkwize fan
de kommisje.
It bestjoer kin ek neist de yn lid 1 neamde kommisje oare kommisjes ynstelle
om har by te stean in har bestjoerswurk.
Kêst 12 – Regleminten
It bestjoer kin ien of mear regleminten fêststelle. Yn in reglemint wurde
regels of neiere regels opnommen, dy’t it bestjoer nedich achtet foar syn
taak. In reglemint mei nea yn striid wêze mei de statuten of de wet.
blad 8
It bestjoer kin elk troch him makke reglemint wizigje en ek ynlûke.
In reglemint wurdt skriftlik fêstlein mei it neamen fan de dei dat it jildt. Dy dei
kin net lizze foar de dei dat it beslút nommen is.
Kêst 13 – Statutenwiziging
It bestjoer hat nei earder oerlis mei de yn kêst 11 lid 1 neamde kommisje it
foech de statuten te wizigjen.
It beslút ta wiziging fan de statuten kin allinnich nommen wurde mei in
mearderheid van op syn minst twa tredde fan de útbrochte stimmen yn in
gearkomste dêr’t yn alle bestjoerders oanwêzich of fertsjintwurdige binne.
Is yn de gearkomste dêr’t yn in beslút ta wiziging fan de statuten oan de
oarder is it tal easke bestjoersleden net oanwêzich of fertsjintwurdige, dan
kin nei dy gearkomste in nije gearkomste oproppen wurde, te hâlden net
earder dan trije en net letter as seis wiken nei de eerste gearkomste.
Yn de nije gearkomste kin it beslút ta statuten wiziging nommen wurde mei in
mearderheid fan op syn minst twa tredde fan de útbrochte stimmen, likefolle
it oantal oanwêzige of fertsjintwurdigde bestjoerders.
As in útstel ta wiziging fan de statuten dien wurdt, moat dat by de oprop ta de
gearkomste, sein wurde. De wurdlike tekst fan de wiziging dy’t foar stelt
wurdt moat by de oprop opnommen wurde.
De termyn fan de oprop is op syn minst twa wiken yn it foar.
In statutenwiziging wurdt fan krêft op de troch it bestjoer fêststelde tiid, mar
net earder nei’t der in notariële akte opmakke is.
Alle bestjoersleden hawwe it foech dizze akte te passearjen.
It bestjoer kin ien of mear bestjoerders of oaren, sawol mei-inoar as apart,
machtigje de akte fan statutenwiziging te passearjen.
Kêst 14 – Fúzje; splitsing; omsetting
Op in beslút fan it bestjoer ta fúzje of splitsing as neamd yn titel 7 fan Boek 2
Boargerlik Wetboek en op in beslút fan it bestjoer ta omsetting fan de stichting yn
in oare rjochtsfoarm neffens kêst 2:18 Boargerlik Wetboek, is it neamde yn de
leden 1, 2 en 3 fan de foarige kêst sa folle mooglik neffens dy leden fan
tapassing, útsein de easken fan de wet.
Kêst 15 – ûntbine en berêde
It bestjoer hat it foech de stichting te ûntbinen.
Op it beslút ta ûntbinen jildt it neamde yn kêst 13, lid 2 en 3 sa folle as
mooglik is.
It bestjoer stelt by syn beslút ta ûntbining de bestimming fêst fan in mooglik
batich saldo. Dizze bestimming moat sa mooglik yn oerienstimming wêze
mei it doel fan de stichting. It batich saldo sil brûkt wurde foar in algemien nut
befoarderende ynstelling mei in soortgelyk doel.
It bestjoer is belêst mei it berêden fan it fermogen fan de stichting foar safier
blad 9
by it beslút ta ûntbining gjin oare berêder(s) is (binne) oanwezen.
Slot
De komparanten binne oan my, notaris bekend, en de identiteit fan de
komparanten dy’t by dizze akte betrutsen binne, is fan my, notaris, oan ‘e hân fan
de hjirfoar neamde dokuminten dy’t dêr foar ornearre binne, fêststeld.
WERFAN AKTE is passearre te Frjentsjer op de tiid dy’t yn it haad fan dizze akte
stiet.
Nei’t de saaklike ynhâld en taljochting fan dizze akte oan de kompartanten opjûn
is hawwe hja ienriedich ferklearre op ‘e tiid foar it passearen fan de ynhâld fan
de akte kennis nommen te hawwen, mei de ynhâld yn te stimmen, en op folsleine
foarlêzen gjin priis te stellen.
Dêrnei is dizze akte nei beheind foarlêzen earst troch de komparanten en dêrnei
troch my, notaris ûndertekene.