Wurksumheden yn de tsjerke

Hjirbij in oersjoch fan wurksumens oan ús   Tsjerke

Oktober 2022  Putsjedei.

Grutte himmeldei fan de Nyklaas tsjerke, binnen en bûten.
Goaten skjin en leech meitsjen,
rûten himmelje binnen en bûten.

pleister en skilderwurk yn de hal

en fansels it hiele ynterieur spic en span .

Wy begjinne mei kofje en taart,
12 oere ite we snert mei spek op roggebrea.
2 oere alles klear.
It wie in dei mei moai waar en een protte wille.

 

september 2021

It is sa fier, de steigers bin der delset, …. no noch “it nije dak der op” en wy kinne der wer  jierren mei foarút.

 

 

Restauraasje wurk oan de Niklaastsjerke fan Hjerbeam. 

De Niklaastsjerke.

De Niklaastsjerke is in midsieuske tsjerke en sa as alle midsieuske tsjerken yn ús omkriten eartiids in Rooms Katolike tsjerke. Al om 1550 hinne komt de namme foar yn stikken fan it bisdom Utert.

Yn 1824 is de tsjerke oan de westkant ynkoarte. Yn 1872 is de tsjerke foar in grut part fernijd en hat syn hjoeddeiske uterlik krigen. Mar de muorre oan de noardkant is yn syn midsieuske foarm yn stân bleaun. Dat is ek goed te sjen oan de tsiennen dêr.

Ek bysûnder binne inkele 17e ieuse grêfstiennen dy’t op it tsjekhôf binne.

Yn de tsjerkeseal stiet de âlde klok, mar dy is net mear yn gebrûk omt der in skour sit yn de lip. De klok is út de 14e ieu. en hat in diameter fan 72 cm.

 

Kommisje Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam.

De kommisje is sûnt 23-6-2016 eigner fan de Niklaastsjerke yn Hjerbeam en fan it tsjerkhôf by de tsjerke. Foar dy tiid wie dat by de Herfoarme Gemeente Hjerbeam. Op 6 april 1975 waard yn de tsjerke de earste Frysk Oekumenyske tsjinst holden. Dit yn in gearwurking tusken de Herfoarme Gemeente Hjerbeam en de Kommisje Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam. Troch mei elkoar op te arbeidzjen koene der tsjinsten holden wurde en de tsjerke syn funksje as drager fan geloof de wurdferkundiging en it moetsjen fan elkoar as mienskip, en as baken yn it lânskip.

De restauraasjes.

Fansels freget san âlde tsjerke altiten ûnderhâld en bytiden oanpassing wat it funksjonearjen oan giet.

De lêste jierren hat de kommisje bygelyks de flier yn de tsjerkeseal fernijd (doe is de grêfkelder dêr ek ticht makke), binne de tichels yn it haltsje fernijd en is it skilderwurk oan de bûtenkant dien.

2013.

Yn 2013 is de toer restaureard. Kosten € 44.422,25. It boudiel is dyn troch Boubedriuw Sytse Douwe van der Vegt B.V. en it laaidekken troch it bedriuw Maurix.

Dat is betelle mei in ferliende provinsjale subsydzje en in bydrage fan ferskillende persoanen yn it kader fan de aksje: In gift foar de spits.

2017.

Yn 2017 binne der fentilaasje buizen oanbrocht foar de fentilaasje fan de krûpromte ûnder de tsjerke, omt it fierstente wiet yn de tsjerke is.

Fierder binne doe de getizeren ramen yn de súdmuorre restaureard en is it glês fernijd. Dit allegearre yn it ramt fan de BRIM (Besluit Rijkssubsdiëring Instandhouding Monumenten) subsydzje 2013-2019 in ûnderhâldsubsydzje oer 6 jier.

2021.

Takend is in SIM (Subsidie Instandhouding Monumenten 2018) subsydzje de ûnderhâlds subsydzje 2020-2025 fan € 21.712,–. Yn dat ramt wurdt de súdkant fan it dak oanpakt, diels meitsje en pannen ferfange. Ek wer foar skilderwurk.

Ek is in Provinsjaal subsydzje takend fan € 22.498,– foar it meitsjen fan de noard- en eastkant fan it dak.

It wurk wurdt útfierd troch Boubedriuw Bootsma, Easterwierrum.

De eigen bydrage wurdt betelle út it Restauraasjefûns fan de tsjerke, dat diels folle wurdt troch de opbrigst út de hier fan it lân.

 

No de bûtenkant fan de tsjerke de earst kommende jierren yn oarder is, sille wy oandacht jaan oan de binnenkant.

 

 

 

 

 

 

 

oktober 2019

Himmeldei,

mei kosters frywilligers en kommisjeleden warber west mei it skjinmeitsjen fan de tsjerke,

spinreagje, 

lampen himmelje,

                                                   banken ôfnimme, 

                                       en sa fjourt hinne,

  Bakje kofje 

Sa is de tsjerke  wér spik en span.

dernei ha we mei 4 man de goaten lege en himmele.

 

Opkappen haltsje desimber 2018

Oangeande wurksemens oan e flier yn de hal.

 Foarige wike binne Wierd en Thomas begongen mei it utgrafen van de hal en stoarten fan een nije betonflier.

Ek hawwe se de âlde tegels skjin makke sadat wy dizze wér ta passe kinne yn de nije flier.

 Ôfrûne sneon wiene wy mei fjouwer man , Wierd , Thomas , Ben Barends en Jan om de tegels yn de nije flier te lizzen.

Dit is prachtich gien, de hal knapt d’r een stik fan op.

No de flier yn wriuwe mei in donkere kleur foegmingsel .

 Dernei moat de flier goed droegje sadat we op koarte termyn de flier poetse en ynwriuwe kinne mei in soarte fan oalje om d’r krekt as de stiennen yn de tsjerke een ljochte glâns oan te jaan.

 

img_3083

img_3081

 Restauraasje rûten  2017

de restauraasje fan de izeren ramen.

no sjocht it der sa út.

De rûten binne ûtfiert yn swart restauraasjegleas .

                                                                  In hiel mooi gesicht.

p1080220

p1080219

img_1729

 

img_1727 img_1728

 Tsjerke bûtenom ferfe  ien 2017.

 

 

Opknappen tsjerkeflier 2017

 

Hjirby wat foto’s fan de flier.

De flier oan de súdkant ( ûnder it oargel en de banken) moast heech nedich ferfongen wurde.

In plan fan oanpak wurd makke.

IMGP0004

It oargel is ferpleatst , de flier wurd opbrutsen.

 

IMG_0330

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Ek wurd er hurd wurke oan it meitsjen fan de skuor tusken de toer en it skip fan de tsjerke . 

IMG_0315

Der wurd in begjin makke mei it pleatsen fan de balken .

IMGP0009

Ek de banken en de flierplanken wurde der ôf helle.IMGP0002

 

 

 

 

IMGP0006

In nije bolkfundatie wurd makke en in laach grûn ôffierd.

IMGP0007 (2)

Skelpen komme der ûnder en de balken wurde mei cemint bestrutsen.

IMGP0008

                             Moai wurk, ek it ark mei der wêze.